Gemeente op syk nei bom

05 maaie 2010 - 22:48

De gemeente Lemsterlân makket jild frij foar it opromjen fan in bom út de Twadde Wrâldoarloch. It soe gean om in bom dy't yn in stik greide oan it Tsjongerpaad yn Dolsterhuzen leit.

De bom stie op in kaart út 1944. Neier ûndersyk moat sjen litte wat der no krekt yn de grûn sit. Jelle Modderman wie in jonge fan 16 jier doe't yn 1943 in allieard fleantúch bommen flakby syn hûs yn Dolsterhuzen falle liet. It soe neffens him gean om in brisant- of fosforbom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)