Drafbaan wurdt gau opknapt

05 maaie 2010 - 14:57
  • De drafbaan yn better tiden (foto: Omrop Fryslân)

Der wurdt op dit stuit hurd wurke om de drafbaan yn Wolvegea nij libben yn te blazen. Nei in lange finansjeel minne perioade liket it wer better te gean. Hynstefokker Casper Veldink en sakepartner John Bootsman hawwe de baan foar 3,4 miljoen euro oernaam.

De baan krijt de kommende moannen in opknapbeurt om wer nije groepen minsken te lûken. It gebou by de baan moat ek geskikt makke wurde foar oare eveneminten. De earste koersdei stiet op 'e kalinder foar 28 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)