Faker mei diploma fan skoalle

05 maaie 2010 - 14:43

Yn Súdwest-Fryslân is it tal skoalbern dat sûnder diploma fan skoalle ôfgiet de ôfrûne jierren mei 24 persint omdel gien. It persintaazje is heger as it lanlik getal fan tsien persint dêr't nei stribbe wurdt.

De acht gemeenten yn it Súdwesten hawwe mei de skoallen in soad dien om it tal foartidige skoalferlitters te ferminderjen. It ôfrûne skoaljier binne goed 250 fan 'e 10.000 learlingen yn Súdwest-Fryslân sûnder diploma fan skoalle gien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)