Ekskurzje oer gefolgen krimp

Foto: Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel giet op ekskurzje nei de Grinzer gemeente Oldambt om te sjen wat dêr dien wurdt oan de gefolgen fan 'e krimp. Riedsleden, mar ek fertsjintwurdigers fan doarpsbelangen en maatskiplike organisaasjes kinne mei op 'e busreis.
Dongeradiel sil fan 'e Fryske gemeenten nei ferwachting it meast troffen wurde troch de krimp. Op 28 maaie giet in Dongeradielster ôffeardiging nei Winschoten en omkriten.