Tomtomdief pakt fia winkel

05 maaie 2010 - 13:14

In 45-jierrige Ljouwerter is tiisdeitemiddei oppakt op fertinking fan it stellen fan in navigaasjeapparaat. De tomtom waard stellen út in auto dy't stie yn in parkeargaraazje by sikehûs MCL.

By neifraach troch de plysje by in winkel yn twaddehânsk guod die bliken dat dêr krekt in navigaasjeapparaat ynlevere wie. De eigner fan 'e winkel wist noch wa't dat dien hie. De plysje socht de man thús op en hat him oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)