Ferheging molkpriis net genôch

Foto: Omrop Fryslân
FrieslandCampina docht dizze moanne 2,24 sint by de molkpriis op. De priis komt yn maaie út op 28,5 sint de kilo.
Foar de boeren is dat lykwols noch altiten net genôch om út 'e kosten te kommen. Dat fynt belangeferiening Dutch Dairymen Board (DDB). Salang't de Europeeske Kommisje neat docht oan spekulaasje op 'e suvelmerk, hawwe boeren gjin kâns op in earlike molkpriis, seit wurdfierster Sieta van Keimpema fan 'e DDB.