Danny Guijt ûnwis by Cambuur

05 maaie 2010 - 12:51

It is noch ûnwis oft middenfjilder Danny Guijt tongersdei yn de basis begjint yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles. Guijt hat noch altyd lêst fan in knibbelblessuere, mar makket wol diel út fan de 18 seleksjespilers.

Mark de Vries trainde út foarsoarch apart fan de groep. Hy hat in lichte spierblessuere, mar neffens trainer Stanley Menzo is hy wol fit genôch om spylje te kinnen. De wedstriid begjint om 19.00 oere en is live op radio en tillevyzje by Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)