Dief rydt troch stek hinne
In man dy't trapearre waard op stellerij fan rustfrij stiel is tiisdeitemiddei troch in stek hinne riden. Meiwurkers fan in bedriuw oan 'e Damsingel yn Sumar seagen dat er it stiel yn in bestelauto lei en sluten alle útgongen fan it terrein ôf.
Mei in foarkheftruck besocht in meiwurker de man yn 'e giele Citroën Berlingo klem te riden. Dat mislearre. Hy ried in stek stikken en ûntkaam. Dêrby rûn syn auto grutte skea op.