Befrijingsflaggen op 'e Jouwer

05 maaie 2010 - 10:58

Op 'e Jouwer binne woansdei twa bysûndere flaggen te sjen. It giet om flaggen dy't yn de oarloch yn it geheim makke binne en dy't foar it earst te sjen wiene by de befrijing yn 1945. De flaggen binne makke troch de famylje Praamsma, dy't yn dy tiid in winkel hie oan de Midstrjitte 25 op 'e Jouwer. Op dat adres binne de flaggen ek te sjen.

De flaggen binne ferline jier skonken oan Museum Joure. Dat wol se tenei alle fiif jier úthingje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)