Minder jild projekt S'fean

04 maaie 2010 - 22:38

Foar de werynrjochting fan it Torenplein yn Surhústerfean is minder jild beskikber as at earder tasein wie. De gemeente Achtkarspelen woe fjouwer ton foar de wurksemheden útlûke, mar ferleget it bedrach nei 360.000 euro.

Dit hat te krijen mei besunigings. Yn novimber moat der in plan klearlizze foar de opknapbeurt fan it plein. As de gemeente net noch mear finansjele tsjinslach krijt kin begjin takom jier mei de wurksemheden begûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)