Koperdief pakt yn Snits
De plysje hat tiisdeitemiddei in 36-jierrige ynwenner fan Snits oanhâlden om't er koper stellen hie. In tsjûge seach de man tongerlieders fan in dak oan de Scherwolderhemstrjitte heljen.
Mei help fan burgernet en in goeie omskriuwing fan de dieder koe de man letter oan de Dryltsterkade oanhâlden wurde. It wie de earste kear dat burgernet yn Snits ynset waard.