Deade man Den Oever werkend

04 maaie 2010 - 19:32

De deade man dy't ôfrûne wike by Den Oever fûn waard blykt in 55-jierrige ynwenner fan Beverwyk te wêzen. De man waard fûn yn it Robbenoordbos en is troch in misdriuw om it libben kaam.

Om't de plysje earst net achter de identiteit fan de man komme koe, ha se ek frege om help fan de ynwenners fan Fryslân. In meiwurker fan de plysje yn Kennemerlân werkende úteinlik it slachtoffer oan de hân fan de fersprate foto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)