Aksje tsjin pis en poep

04 maaie 2010 - 17:23
  • Havenmaster Albert Kieft fan Eastermar en Rients Buwalda fan it wetterskip by de pomp

De wettersporters hâlde har noch hieltyd net oan de wet. Dêrom sil Wetterskip Fryslân dit jier aksjefiere om it boatsjefolk sa fier te krijen dat se net mear poepe en pisje yn it oerflaktewetter. It is al lang ferbean mar de minsken dogge it noch hieltyd.

It húske yn in boat moat loaze yn in smoarchwettertank dy't yn jachthavens lege wurde kin. It Wetterskip hat dêrom in folder makke dy't yn alle Fryske jachthavens útrikt wurdt oan passanten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)