5 maaie ûndúdlik foar winkels

04 maaie 2010 - 16:54

Oer de fraach oft de winkels woansdei yn Fryslân wol of net iepen moatte, is in protte ûndúdlikheid. Hoewol't ús befrijing ien kear yn de 5 jier grut fierd wurdt, is 5 maaie neffens de winkelslutingstidewet offisjeel in gewoane dei.

It belied yn Fryslân ferskilt dêrtroch fan plak ta plak. Sa binne der yn it iene plak hast gjin winkels iepen en yn it oare plak, lykas Ljouwert, allinnich de lanlike ketens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)