Kolleezje wol REC tsjinhâlde

04 maaie 2010 - 12:04

It nije kolleezje yn Harns sil, as it de kâns krijt, de ôffaloven yn Harns tsjinhalde. Dat stiet yn it riedsprogramma fan Frisse Wind Harlingen, SP, Harlinger Belang, D66, en GrienLinks.

Op it stuit binne der net mooglikheden om dat te dwaan. Mar Frisse Wind Harlingen sjocht kânsen as de piip fan de REC heger moat. Dan moat it bestimmingsplan oanpast wurde en dêr moat de ried yn Harns grien ljocht foar jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)