Utfining tsjin blau-alch

Blau-alch op it wetter
It foar swimmers gefaarlike blau-alch krijt it dreech troch in útfining fan it Jouster bedriuw Afmitech. De 90 kilo swiere beluchtingsynstallaazje kin maklik meinommen wurde nei plakken mei te min soerstof yn it wetter.
Yn dat wetter krije blaualgen de kâns om te groeien. Troch de soerstof kinne baktearjes planteresten ôfbrekke. It apparaat wurdt op dit stuit test yn de fiver by it gemeentehûs op 'e Jouwer. Dy is sa dea as in pier. It wetter is smoarch en stjonkt.