Dieven bûtenboardmotors oppakt

04 maaie 2010 - 10:47

De plysje hat moandeitenacht yn Boalsert twa ynwenners fan dy stêd oanhâlden op fertinking fan it stellen fan bûtenboardmotors. In tsjûge hie sjoen dat de mannen de motors oan it ynladen wienen en belle fuortendaliks 1-1-2 mei it kenteken fan de auto.

Op de Boalserterdyk waarden de mannen sinjalearre en oanhâlden. De plysje fûn de bûtenboardmotors op de achterbank fan de auto. De auto en de motors binne yn beslach nommen en de fertochten binne meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)