Ekstra kosten REC-fergunning

04 maaie 2010 - 10:13

It ôfjaan fan in nije miljeufergunning foar de reststoffen enerzjysintrale yn Harns kostet de provinsje in heal miljoen euro ekstra. No't de Ried fan Steat begjin dit jier de fergunning foar de sintrale ferneatige hat, moat de provinsje ekstra personiel ynsette om de nije fergunning ôf te jaan. It giet om de ynset fan ekstra eksterne juridyske en technyske adviseurs.

It foarstel om de begrutting mei in heal miljoen te ferheegjen, stiet meikoarten op de aginda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)