Ek deadebetinking yn Blauhús

It tinkteken fan lytse Gilles op it Blauhúster hôf
Yn Blauhús is tiisdei foar it earst nei de oarloch in deadebetinking. In tal doarpsbewenners hawwe hjir it inisjatyf foar nommen. De betinking begjint om 19.30 oere by it Teatskehús, wêrnei't men mei-elkoar nei it tsjerkhôf giet, dêr't it grêf is fan de lytse Gilles út Amsterdam.
Dit jonkje kaam yn de hongerwinter nei Blauhús om dêr oan te sterkjen, mar lytse Gilles oerlibbe lykwols de reis net, hy stoar ûnderweis troch ûnderkuolling.