Goaisleat wer iepen
Nije wike wurdt de Goaisleat by Grou wer iepene foar de rekreaasjefeart. Ien en oar fynt plak yn it ramt fan de werynrjochting Swette - de Burd.
De besteande farferbining waard sa'n 60 jier lyn ôfsletten troch middel fan in daam. Der is no in kearslûs oanlein. De oanlis dêrfan en fan oare foarsjennings hawwe sawat 420.000 euro koste.