Age Hains Boersma: Flevo Boys

Age Hains Boersma wol yn de topklasse fuotbalje
Age Hains Boersma ferhuzet fan Snits Wyt Swart nei Flevo Boys. De ploech út Emmeloard spilet takommend seizoen yn de topklasse en dat sjocht Boersma as in útdaging.
Snits Wyt Swart spilet kommend seizoen yn de haadklasse. Boersma kaam de lêste twa jier út foar de Snitsers. Dêrfoar spile hy foar Sportklup Hearrenfean, dêr't er net echt oan fuotbaljen takaam, en Veendam.