Nij jongerenfilmke oer 4 maaie

03 maaie 2010 - 16:46

Jongeren bewuster meitsje fan de twa minuten stilte op 4 maaie. Studinten fan de Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert hawwe in filmke makke yn de taal fan jongeren oer wat it betsjut om je frijheid te ferliezen, lykas net mear belje, ynternette of sels prate kinne.

De studinten fan 'e popakademy wolle it filmke op ynternet ûnder de oandacht fan 'e jeugd bringe. Takom jier wurdt it mooglik ek as lesmiddel op skoallen brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)