Trein nei Mata Hari neamd

Mata Hari har namme stiet no op in nagelnije trein
Ferfiersbedriuw Arriva hat moandei de nammen fan acht nije treinen bekend makke. It bedriuw skreau yn 2006 in wedstryd út om nammen te krijen foar de nije Spurttreinen. Sûnt 2007 ride der al 43 treinen rûn mei de nammen fan bekende Friezen as Abe Lenstra en Titus Brandsma.
No hat in sjuery nochris acht nammen útkeazen foar de nije treinen. Dêr binne ek wer twa bekende Friezen by: Mata Hari en Piter Jelles Troelstra.