Pieterburen:gjin ûndersyksjild

Sike seehûn yn de kresj fan Pieterburen
Seehûnekresj Pieterburen krijt fan it ministearje fan lânbou gjin jild mear foar wittenskiplik ûndersyk nei in mooglike longwjirmepedemy ûnder jonge seehûnen. Ein ferline jier naam de Twadde Keamer in moasje oan fan CDA keamerlid Joop Atsma. Lânbouminister Verburg waard dêryn frege de kresj maksimaal in ton te jaan foar ûndersyk nei de oarsaak fan de seehûnestjerte.
Koartlyn die bliken dat it jild net nei Pieterburen giet, mar nei in groep fan seehûne-ûndersikers.