Sanne yn finale studintestriid

Sanne Roffel sit yn de finale fan 'Student of the year'
Der is noch ien Fryske studint yn de race foar de titel Student of the year. It giet om de Pabo-studinte Sanne Roffel (23) út Ljouwert. Sy hearde moandei live fan radio-dj Giel Beelen dat sy yn de finale sit. Fan de 140 dielnimmers binne trije manlike en trije froulike studinten oerbleaun.
By de ferkiezing giet it om de studint dy't it bêste uterlik en kennis kombinearret. De studinten dy't meidogge moatte besykje safolle mooglik stimmen te krijen op ynternet.