Fergese rêdingsaksje hynder

03 maaie 2010 - 12:43

Yn Aldwâld is moandeitemoarn in jong hynder dat net út de sleat komme koe ferstoarn oan ûnderkuolling en stress. It hynder rûn yn in greide oan de Wâlddyk en wie troch noch ûnbekende oarsaak yn de sleat bedarre.

De brânwacht fan Kollum en in bistedokter waarden roppen om de boer te helpen. Neidat it hynder út it kâlde wetter helle wie krige it dier in hertoanfal. Der waard besocht om it hynder te reanimearjen, mar dat holp net mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)