Nije wettertoer yn Hearrenfean
It Hearrenfean krijt de wettertoer werom, mar wol yn in nij jaske. Dat is it doel fan projektûntwikkeler Fooq fan maatskiplike foarsjennings en wenten. De âlde wettertoer is yn de jierren tachtich sloopt, ûnder oare fanwege betonrot.
It Hearrenfean rekke in karakteristyk gebou kwyt en dat wol Fooq oan de ynwenners weromjaan. In winkelbedriuw wol winkels yn de fernijde wettertoer meitsje en yn de top komt in restaurant mei útsjoch.