Famke bedrige mei nepwapen

03 maaie 2010 - 10:07

In famke fan 16 út Sint Anne is sneintemiddei bedrige mei in nepwapen. Se fytste yn har wenplak lâns de bushalte, dêr't twa jonges stiene te wachtsjen. Ien fan beide frege oft hy mei har op de fyts meiride mocht, mar dat wegere se. De jonge luts doe in wapen en bedrige har. Doe't it famke thúskaam warskôge se de plysje. Dy koe de Stienzer (16) oanhâlde doe't er yn syn wenplak út de bus stapte. It die bliken dat er in nepwapen by him hie. Dat hat de plysje yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)