Ynbraak by juwelier Stiens
By in juwelierssaak yn Stiens binne sneintenacht sieraden stellen. De doar fan 'e saak oan de Langebuorren waard iepenbrutsen. In tsjûge seach om ûngefear healwei fjouweren moandeitemoarn in man fuortdraven en yn in auto fuortriden.
It gie om in stevige man mei blond hier, dy't in swarte trainingsbroek mei wite strepen oan hie. De plysje siket mear tsjûgen.