Wojciechowski net tefreden

02 maaie 2010 - 20:00

Hearrenfeanspiler Pawel Wojciechowski en Hearrenfean binne it noch hieltyd net iens oer in nij kontrakt. De 20-jierrige oanfaller is net tefreden oer de oanbieding dy't Hearrenfean him dien hat foar it kommende seizoen.

De Poalsk jeugdynternasjonal sil no in pear dagen werom nei Poalen om skoaleksamens te meitsjen. Dêrnei sil Wojciechowski wer yn petear mei Hearrenfean om te sjen oft sy der útkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)