Snits Wyt Swart kopke ûnder
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart ferlear wnein yn Oldenzaal kânsleas mei 5-0 fan Quick '20. De ploech fan Inne Schotanus stie mei it skoft al mei 3-0 achter. De Snitsers hawwe no 28 punten út 25 wedstriden.
It al degradearre De Jouwer ferlear op it eigen fjild mei 4-2 fan Rohda Raalte.