Deade man fûn by Den Oever

02 maaie 2010 - 14:23

De plysje fan Noard Hollân hat freed oan 'e ein fan de middei it lichem fan in deade man fûn yn it Robbenoordbos. Dat bosk leit oan de oare kant fan de Ofslútdyk, fuortby Den Oever. De man is troch in misdriuw om it libben kommen. Omdat de plysje oant no ta net achter de identiteit fan de man komme kin, freget se ek de help yn fan de ynwenners fan Fryslân.

Minsken dy't de man herkenne of wat sjoen hawwe wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)