Snitser slein en skopt

02 maaie 2010 - 13:20

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Snits in 32-jierrige frou en in 38-jierrige man oanhâlden foar iepenlike geweldpleging. It stel krige yn in kafee oan de Singel spul mei in 39-jierrige Snitser. Yn en bûten de saak waard de man slein en skopt troch it twatal, mar ek noch troch oaren. De plysje hat de man en de frou oanhâlden en foar ferhoar ynsletten op it buro.

Der wurdt noch ûndersyk dien nei de oare fertochten. It slachtoffer hat oanjefte dien fan mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)