Dronken Lemster oer de kop
In 25-jierrige Lemster is fannacht op It Hearrenfean oanhâlden, neidat hy op de Wetterwille de macht oer it stjoer ferlern hie en oer de kop slein wie. Hy liet de swier skansearre auto achter en ferstoppe him by it bedriuw dêr't hy wurket.
De plysje fûn him toch en naam him mei nei it buro, dêr't in blaastest dúdlik makke dat hy tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen.