Tsien finalisten Liet bekend

De winners fan ferline jier: It langstme en de dea
De sjuery fan Liet 2010 hat tsien finalisten selektearre foar de finale fan it Frysk sjongfestival op sneon 22 maaie. De finalisten binne Louiza Saitova, Fjoerich Famke, Carla de Wal, Equal Souls, Carolien Hunneman, NNB, The Oak and the Ash, Van Geeft 'M, Ramsk en Nynke & Wiljo.
It programma fan Liet 2010 is noch net hielendal folslein, want de kommende wike kin op www.liet.nl noch stimd wurde op fiif gadingmakkers foar in wildcard foar it lêste finaleplak.