Boarnsterhim hâldt jild oer
De gemeente Boarnsterhim hat oer 2009 goed 4 miljoen euro oerhâlden. Dat stiet yn de jierrekken fan Boarnsterhim. Oan it begjin fan it jier waard noch rekken hâlden mei in tekoart fan 2,5 miljoen.
No liket de finansjele sitewaasje yn Boarnsterhim ynienen in stik geunstiger, mar neffens B&W komt it positive resultaat hast hielendal troch de ferkeap fan camping Tusken de Marren yn Akkrum en de oandielen fan Essent.