Mear blommen nedich foar bijen

01 maaie 2010 - 15:44

Gemeenten moatte soargje foar mear blommen, fynt bijeferiening De Wouden. De bijen ha it dreech en dêrom sil de feriening de kommende tiid nei de gemeenten en natuerferienings ta om te pleitsjen foar mear blommen. Want wat mear blommen, wat better foar de bijen. Gemeenten ha dêr no te min each foar, sa fynt de feriening.

De feriening fierde sneon syn 100-jierrich bestean mei in iepen hûs op It Griene Nêst yn Sumar. Se hoopje op nije leden, want de klup fergrizet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)