Karmerk Waddengoud takend

01 maaie 2010 - 14:46

Stichting Oan'e dyk yn Peassens-Moddergat hat as earste toeristyske tsjinst it karmerk Waddengoud krigen. Oant no ta gong it karmerk foaral nei produsinten fan streekprodukten. De stichting Oan 'e dyk organsearret sûnt trije jier waadrintochten, wêrby't de dielnimmers ek iten oanbean wurdt.

De organisaasje achter it karmerk Waddengoud wol de regionale ekonomy yn it Waadgebiet stimulearje. Ferwachte wurdt dat noch mear toeristyske tsjinsten it karmerk krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)