Drankriders rydbewiis kwyt

01 maaie 2010 - 14:29

Acht drankriders moasten freedtenacht it rydbewiis ynleverje. De plysje kontrolearre troch de hiele provinsje. In 39-jierrige Drachtster, twa Snitsers, trije Ljouwerter ferkearsdielnimmers en in 36-jierrige man út Frjentsjer sieten mei te folle drank op achter it stjoer.

In 22-jierrige frou út Eastrum rekke har rydbewiis kwyt om't se fierstene te hurd ried. De frou ried mei 151 kilometer oer de dyk wylst by Dokkum 80 kilometer it maksimum is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)