Ferwûnen troch ûngelokjes

01 maaie 2010 - 13:50

In 78-jierrige frou út Droegeham is freed ferwûne rekke doe't se yn de Grinzer Pein mei har fyts foel. Se ried op de Provinsjalewei tsjin de stoeprâne oan en foel om. Se is mei ferskate ferwunings nei it sikehûs brocht.

In 17-jierrige Drachtster rekke freed ferwûne by in fal yn Grins. De jonge siet op in stek om in iepenbier húske, doe't er syn lykwicht ferlear en yn it trepsgat nei it húske foel. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)