Keninginnedei goed ferrûn

De plysje is tefreden oer it ferrin fan Keninginnedei yn Fryslân. Der wiene neffens de plysje gjin grutte ynsidinten. Wol waarden minsken oanhâlden foar balstjurrigens, fernielings en lytse mishannelings. Ien man waard oanhâlden om't er in ploertedeader by him hie.
Yn Ljouwert wiene fiif bern eefkes fermist. Yn twa gefallen waard troch de plysje in Burgernetaksje start. Alle fiif de bern kamen nei in koarte sykaksje werom by har âlden.