Tredde oerwinning Jan Bos

30 apr 2010 - 19:22

Jan Bos hat syn tredde oerwinning fan it seizoen te pakken. De hurdfytser fan Nijhoarne gong as earste oer de einstreek yn 's-Gravendeel. Jack Vermeulen waard yn syn eigen wenplak twadde, Peter van Agtmaal fan Huijbergen waard tredde. Jan Bos wûn earder yn Oud Vossemeer en Elim.

De Keninginneronde fan Beilen waard wûn troch de Sinees Jin Long. Hy fersloech yn de einsprint Wouter de Groot fan Lochem en Sierd Steigenga fan Eksmoarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)