Ferwûnen by oanridings

In 60-jierrige fytster út Drachten rekke tongersdeitejun ferwûne by in ûngelok op de Burmanialaan yn Drachten. De fytster en in 60-jierrige automobiliste út Beetsterweach rekken elkoar.
By in ûngelok yn Bûtenpost rekke in 63-jierrige frou út Surhústerfean ferwûne. Sy siet yn de auto by in 67-jierrige frou dy't gjin foarrang joech oan in 33-jierrige automobiliste út Bûtenpost. It slachtoffer is mei pine yn de nekke nei it sikehûs brocht.