Motorriders op de bon

30 apr 2010 - 14:00

Twa motorriders hawwe in boete krigen om't se by It Hearrenfean en Aldehaske te hurd rieden en om't se in wheely makken.

Op de Weinmakker krige in 37-jierrige Snitser in bekeuring. Hy makke in wheely oer in ôfstân fan 75 meter. In 40-jierrige ynwenner fan Langwar krige in boete om't hy 112 kilometer yn de oere ried, dêr't 80 kilometer tastien is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)