Tichelaar healjier op Expo

30 apr 2010 - 12:28

It is sneon in wichtige dei foar de Keninklike Tichelaar yn Makkum. It ierdewurkfabryk stiet nammentlik in healjier lang op de Wereld Expo yn Shanghai yn Sina en sneon is de iepening fan dy grutste eksposysje fan de wrâld.

Direkteur Jan Tichelaar reizge ferline wike ôf nei Shanghai om de útstalling fan it fabryk op te bouwen en bliuwt noch oant snein. De útstalling fan it fabryk op de Wereld Expo is dan in healjier lang te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)