Keninginnedei yn Fryslân

30 apr 2010 - 11:46

Keninginnedei is in dei fan tradysjes, fan muzyk, spultsjes en optochten. Op in soad plakken wurdt in frijmerk holden. Troch it reinige waar freedtemoarn kaam dy wat stadich op gong. Middeis wie it drokker.

Yn in tal plakken yn Fryslân begjint Keninginnedei mei in aubade ûnder begelieding fan in korps. Dat wie ûnder oaren it gefal yn Kollum, Beetstersweach, Snits en Dokkum. Yn Dokkum kamen in pear hûndert minsken nei de Syl om it Wilhelmus te sjongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)