5 manlju mishannelje asylsiker

30 apr 2010 - 10:03

De plysje hat fiif manlju fan 16 oant 28 jier út Appelskea oanhâlden dy't yn de nacht fan 17 op 18 april in 21-jierrige asylsiker mishannele ha. De groep hie yn in kafee sitten en kaam de man, dy't sels ek op stap west hie, tsjin op de Vaart Zuidzijde.

It slachtoffer woe nei it azc yn Appelskea fytse, mar de fiif setten him fêst. Hy waard skopt en slein en syn fyts waard ôfpakt. It slachtoffer rekke ferwûne en ferlear ek syn jas mei identiteitspapyren en telefoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)