Unrêst by Friesland Bank

Unrêst ûnder it personiel fan de Friesland Bank
Der is ûnrêst ûntstien ûnder it personiel fan de Friesland Bank oer de bonussen fan de toplaach. Benammen om't der bot besunige wurde moat troch de bank en der sels minsken harren baan ferlieze. Fakbûn FNV hat in soad klachten krigen fan personielsleden neidat it bedriuw yntern bekend makke dat der bonussen útkeard wurde soene.
De Friesland Bank sels seit dat der mar beheind bonussen útkeard binne, krekt omdat der besunige wurde moat.