Hegere opkomst anty-kankerprik

29 apr 2010 - 16:39
  • Foto: Omrop Fryslân

By de twadde faksinaasjeronde tsjin baarmoederhalskanker yn Fryslân is de opkomst heger as lanlik. De GGD Fryslân is dêr nei alle negative lûden en misferstannen oer de faksinaasje tefreden oer.

Der binne 5600 Fryske famkes tusken de 13 en 16 jier oproppen om dochs noch in prik te heljen. 22% hat dat dien. Lanlik leit it opkomstsifer om de 16% hinne. Alle 12-jierrigen binne ek oproppen foar it Ryksfaksinaasje-programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)