Tariedings frijmerk al begûn

De striid om 'e frijmerk fan Keninginnedei liket alle jierren earder te begjinnen. Op guon plakken besetten tongersdeitemoarn betiid de earsten al de plakken. Yn Surhústerfean kamen de auto's doe al oan yn it doarp en stelden har op op de bêste plakjes fan 'e frijmerk.
It echte feest is fansels pas freed. De keninklike famylje wie twa jier ferlyn noch mei Keninginnedei yn Fryslân. Dit jier binne se yn Seelân te gast.